Bands op strjitte

14 jul 2009 - 06:36

Sa'n 20 bands út Snits driigje yn septimber op strjitte kommen te stean omdat se gjin oefenromte mear ha. It giet om de Popkelder fan Snits. De bands soene yn septimber ferhúzje nei it brêgewachtershûske by de Geeuwbrêge. Dy stiet leech no't de brêge ferfongen is troch in akwadukt.

Mar de ferbouwing fan it brêgewachtershûske is noch net klear. Dy moat sels noch begjinne. De bands dy't yn Popkelder oefenje, beriede har no op aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)