Tal libellen nimt ta

13 jul 2009 - 17:07

It giet ek yn Fryslân hieltyd better mei de libelle. It CBS, it sintraal buro foar de statistyk, makke moandei bekend dat dit in lanlike trend is. Trochdat it wetter hieltyd skjinner wurdt, binne der ek mear wetterplanten en dêr hâlde de libellen fan. De measte soarten nimme ta of binne stabyl.

Neffens Steatsboskbehear profitearje de libellen ek fan fivers by partikulieren. Dêr komme ek hieltyd faker libellen foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)