Foksen op Flylân sinjalearre

13 jul 2009 - 16:11

Op Flylân binne foksen sjoen. It is noch in riedsel hoe't de bisten dêr kaam binne. Gewoanwei komme der gjin foksen foar op de Fryske Waadeilannen. Toeristen en eilânbewenners seagen de ôfrûne wiken twa folwoeksen foksen.

Boskwachters fernimme de oanwêzichheid foaral oan de lege fûgelnêsten. De bisten ferniele de nêsten fan seefûgelkoloanjes en frette de aaien op. Boswachters ûntdekten ek spoaren fan in pear welpkes. Dizze wike folget oerlis oer wat der dien wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)