Partoer Sprik wint yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De manljuhaadklassepartij yn Boalsert is snein wûn troch Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Alle Jan Anema. Yn in minne finale wienen se mei 5-2 te sterk foar Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. Benammen de opslaggers hienen it net yn de finale. Yn totaal misten sy 24 kear it perk.
De lytse preemje wie foar it partoer fan Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert Jan Meekma. Herman Sprik waard útroppen ta kening fan 'e partij.