Nije huzen by Kealledykje

© Omrop Fryslân
Yn 'e Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen komme by sportkompleks Kealledykje nije huzen. It giet om 20 hierwenten en 24 keapwenten. Nochris acht wenten wurde beskiber steld mei Koopgarant. Dat hâldt yn dat keapers it hûs mei 25 persint koarting krije kinne. Sa moatte keapwenten foar in gruttere doelgroep berikber wurde. Dat is foar it earst yn Ljouwert.
Yn it gebiet komt ek noch in nij spesjalistysk sintrum foar âlderein.