Gjin Jouster Hynstefeiling

13 jul 2009 - 08:29

De Jouster Hynstefeiling giet dit jier net troch, hat de organisaasje bekendmakke. Troch de resesje is de eksport fan hynders nei lannen as Amearika en Dútslân ynsakke.

Neffens de organisaasje is it yn dizze "swiere ekonomyske tiid" net ferantwurde om de hynstefeiling te hâlden. Ridlike prizen foar Fryske hynders binne net helber. It oanbod fan gewoane hynders sil de feilingpriis drukke, sa ferwachtet de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)