Man slein mei swurd en stôk

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon yn Easterwâlde fjouwer manlju (30, 38 en twa fan 24 jier) út dat plak oanholden foar iepenlike geweldpleging. In man seach dat twa fan har in fyts stelle woene.
Doe't er dêr wat fan sei, pakte ien fan de manlju in swurd en de oare in stôk. Se sloegen de man dêrmei op de holle, dy't dêrby ferwûne rekke. De twa oare fertochten folgen it slachtoffer oant syn wenning. Se koene letter yn in wenning oan de Assesorenstrjitte oanholden wurde.