Oanriding yn Sigerswâld

12 jul 2009 - 15:39

Der hat yn de nacht fan sneon op snein in oanriding west op it Foarwurk yn Sigerswâld. Dêr wie in auto, troch noch ûnbekende oarsaak, út de bocht flein wêrby't alle ynsittenden ferwûne rekken.

De bestjoerder, in ynwenner (26) fan Waskemar, wie ûnder ynfloed fan alkohol. Fjouwer passazjiers binne mei nekke- en boarstklachten nei it sikehûs yn Drachten oerbrocht. De bestjoerder hie gjin klachten. Syn rydbewiis is ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)