Mooglik scooters yn de bosk

De boskwachter op syn elektryske scooter
De kâns is grut dat boskwachters fan it Drintsk-Fryske Wold meikoarten op in elektryske scooter troch de bosk ride. De boskwachters ha no goed twa wike lang sa'n scooter op proef en dat foldocht goed. De scooter moat yn it plak komme fan de ritsjes yn de auto.
Troch no op de scooter te gean is it foar de boskwachters makliker om kontakt te meitsjen mei besikers fan it natoergebiet. Dêrneist is it in stik miljeufreonlikker en de scooter makket in stik minder leven as in auto.