Waadakademy komt mei priis

12 jul 2009 - 13:26

De Waadakademy komt mei de Waadakademy-priis. Dy wurdt dit jier foar it earst útrikt en sil tenei alle jierren takend wurde. De priis fan 5000 euro is bedoeld foar wittenskippers dy't ûndersyk dogge nei it Waadgebiet.

Dat kin wêze op it mêd fan de natuer, mar ek it klimaat of geology. Yn de sjuery sit ûnder oaren in wittenskiplik meiwurker fan de Fryske Akademy. De priis is bestimd foar minsken dy't yn de ôfrûne twa jier in proefskrift oer it Waad skreaun ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)