Domper feestkoar Appelskea

12 jul 2009 - 13:22
  • It optreden fûn troch it minne waar plak yn in tinte

In grutte domper foar de organisatoren fan it feestkoar Stellingwarf 700. Moannenlang is besocht in koar by inoar te bringen fan 700 man foar in optreden dit wykein op de berchdagen fan Appelskea. Dy 700 sjongers stiene dan symboal foar de 700 jier dat de Stellingwerven bestean.

Troch it minne waar kamen der lykwols noch gjin 200 minsken op ôf. It koar soe eins benammen bestean moatte út minsken út de Stellingwerven sels, mar krekt dy wiene der snein net by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)