Hearrenfean ferliest oefenduel

Trainer Trond Sollied (foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfean is tsjin it earste ferlies yn 'e oefenperioade oanrûn. Yn Bûtenpost ferlear de equipe fan trainer Trond Sollied mei 0-1 fan de Grykse lânskampioen Olympiakos Piraeus. It doelpunt foel yn de 80-ste minut en kaam op namme fan Konstantin Mitroglu nei in flater fan Hearrenfean-oanfierder Michel Breuer.
Yn de blessueretiid hie Michal Papadopulos de lykmakker op 'e foet. Woansdei oefent Hearrenfean yn en tsjin it Belgyske Sint Truiden.