De Groot winner yn Boalsert

Triemstra en Hiemstra (foto: Martin de Jong)
Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra hawwe sneon de útnoegingspartij yn Boalsert wûn. Yn in matige finale wienen sy mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Johan van der Meulen, Jacob Klaas Haitsma en Daniël Iseger.
It wie foar Hiemstra en Triemstra de tredde oerwinning op rige. Earder wûnen sy ek al de frije formaasjepartijen yn Harns en op It Hearrenfean.