Wylde efterfolging op A6

© Omrop Fryslân
In Snitser (39) is sneontemoarn nei in wylde efterfolging op de A6 oanholden troch de plysje. Dy seach de man riden oer in parkearplak oan de sneldyk en woene him oanhâlde foar kontrôle. Doe't de Snitser de plysje yn it each krige, naaide er gau út.
De plysje gong der achteroan de dêrby waard mear as 200 kilometer yn 'e oere riden. By de ôfslach Emmeloord botste de man úteinlik boppe-op in plysje-auto en koe er oppakt wurde. De man hie fierstente folle dronken.