'Lûd JSF falt ta'

De komst fan de JSF hat gjin grutte gefolgen foar de omwenners fan de fleanbasis
It lûd fan it nije Amerikaanske gefjochtsfleantúch JSF bliuwt binnen de noarmen. Dat seit steatssekretaris Jack de Vries fan Definsje. Ek soe neffens berekkenings de lûdsbelesting troch de JSF yn regio's om de ferskate fleanbases yn Nederlân hinne oerienkomme mei dy fan de F16's.
Fierder sille mei de JSF om de fleanbasis hinne twa huzen binnen in gebiet falle, dêr't se eins net stean meie. De bewenners hâlde it rjocht om der wenjen te bliuwen.