Toeristen treffe min waar

10 jul 2009 - 17:17

De toeristen krije it de earste echte fakânsjewike yn Fryslân behoarlik foar de kiezzen. In soad reinwetter en sompige campingterreinen. Mar de fakânsjegongers dy't yn Fryslân binne lykje har der neat fan oan te lûken. De rein foel freed ek wer mei bakken út de loft en it waaide stevich.

Campings kinne it fernimme dat it waar yn 'e war is. Lege plakken litte sjen dat guon toeristen it earst noch net oandoarre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)