Heechwetter sit fearboat dwers

10 jul 2009 - 16:35

Troch it hege wetter yn kombinaasje mei springtij hie rederij Doeksen freed de hiele dei in probleem mei de ôffearten. It autodek fan De Midsland leit heger as by oare skippen. Dêrtroch koe de boat by de hege weterstannen net oanlizze by de autobrêge op Skylge. Minsken dy't de auto oan board hiene, moasten in oere wachtsje foardat se derôf koene.

Reizgers yn Harns binne sa folle mooglik omboekt nei fearboat De Friesland en nei ekstra sneltsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)