Tim Douwsma tekenet by CNR

10 jul 2009 - 14:09

De grutte platemaatskippij CNR yn Naarden sjocht it hielendal sitten mei de 21-jierrige sjonger Tim Douwsma fan Wynjewâld. Freed hat Tim Douwsma yn Naarden in platekontrakt tekene.

CNR is ek de platemaatskippij fan bekende Nederlânske artysten lykas Ruth Jacott, Jannes, Hans Teeuwen en Mooi Wark. Der binne al ôfspraken makke oer in single en in album. Tim Douwsma waard foaral bekend troch it programma 'So you wanna be a popstar'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)