23 banen fuort by BASF

© Omrop Fryslân
By de twa fabriken fan BASF op It Hearrefean ferdwine 23 fan de yn totaal 151 banen. Fierder sille de fabriken fan it eardere Ciba en Johnson Polymer fusearje ta ien bedriuw. Dat hat it persoaniel freed te hearren krigen. It bedriuw sil besykje twongen ûntslaggen foar te kommen.
Beide bedriuwen hâlde har dwaande mei de produksje fan grûnstoffen foar de inktyndustrie. De reorganisaasje moat yn 2013 foslein rûn wêze.