Alvestêdefeesten gean troch

Genôch jild beskikber steld
De seis lêste alvestêdejubileumfeesten kinne allegear trochgean. In jildtekoart soarge derfoar dat it lang ûndúdlik wie oft de feesten wol trochgean koene.
In sponsor, de provinsje en de gemeente Ljouwert soargje der no foar dat der dochs genôch jild is. De feesten wurde organisearre fanwege it 100-jierrich bestean fan de Vereniging De Friesche Elfsteden.