Kampus Wyldemerk giet ticht

De Kampus yn oanbou, in goed jier ferlyn
Kampus De Wyldemerk yn Harich liket nei oardel jier al wer ticht te gean. De kampus hat fanwege nije regeljouwing in tekoart op de begrutting foar it kommend skoaljier. It kabinet is frege om in ekstra bydrage, mar wegeret dy ta te sizzen. Bestjoer en direksje sjogge dêrtroch gjin kâns de kampus iepen te hâlden.
Op De Wyldemerk krije probleemjongeren 24-oeren deis begelieding. It is de iennichste lokaasje yn Nederlân dêr't dat bart.