Reboelje om fitnessapparatuer

© Omrop Fryslân
Tsien oant fyftjin jongeren yn de Vrijheidswyk yn Ljouwert kinne net mear traine op de fitnessapparatuer yn it multyfunksjoneel sintrum Mozaïek. In pear wike lyn waarden dêr tweintich fitnessapparaten delset troch Welzijn Leeuwarden. Kollega-organisaasje HWL fynt dat de apparatuer dêr net past.
Welzijn Leeuwarden moat alle apparaten fuorthelje. Direkteur Hiemstra fan Welzijn Leeuwarden wit net krekt wat de beswieren fan HWL binne tsjin de fitnessapparatuer.