Jonge autoriders op 'e bon

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige automoblist út Wierum is tongersdei syn rydbewiis kwytrekke fanwege te hurd riden. Hy ried 146 km op de Ternaarderwei by Wierum. Dêr is 80 tastien. De fertochte hie syn rydbewiis noch mar krekt. Dat is er no dus kwyt en hy krige ek in boete.
Dat jildt ek foar in begjinnend bestjoerder fan 22 út Wâlterswâld. Dy waard yn Dokkum trapearre, doe't er mei tefolle drank op ried. Dêr wie er ek al earder op betrape. Hy moat no ferplichte in kursus folgje.