Frou (71) ferwûne by ûngelok

10 jul 2009 - 10:43

In 71-jierrige frou út Beetstersweach is tongersdei op de Gordyksterwei flak bûten har wenplak ferwûne rekke by in ûngelok. Se waard yn har auto oanriden troch de oplizzer fan in trekker. Dy wie losrekke en kaam op har helte fan de dyk.

De frou rekke mei har auto yn de berm en ferlear de macht oer it stjoer. Se botste dêrnei tsjin in bestelbuske dat achter de trekker ried. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)