Harddrugs en fjoerwapens

10 jul 2009 - 10:35

Twa manlju út Ljouwert binne tongersdei oppakt fanwege it besit fan harddrugs en fjoerwapens. De plysje hie in anonime tip krigen. By hússiking waard yn in hûs oan it Van der Leckplein heroïne, kokaïne en mannitol fûn. Der waar ek in imitaasje-fjoerwapen fûn.

Ien fan de manlju moast nei ferhoar dalik troch nei de finzenis yn Ljouwert, omdat er noch goed 200 dagen sitte moat. De oare man is mei in prosesferbaal nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)