SKS-wedstryd op ynternet

10 jul 2009 - 07:21

De earste skûtsjesylwedstryd fan de SKS is nije wike sneon op ynternet te folgjen. It giet om in proef dy't mooglik in ferfolch krijt as der genôch nei sjoen wurdt. Neist in kaartsje mei it ferrin fan de wedstryd binne der fideobylden te sjen en is it wedstrydkommentaar te hearren.

It giet om in inisjatyf fan de SKS yn gearwurking mei it Grouster bedriuw Geosports. Om de wedstryd op ynternet te krijen moat op alle skûtsjes in stjoerderke ynstallearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)