Henrico Drost proef by Venlo

Henrico Drost, no op proef by VVV Venlo
Fuotballer Henrico Drost fan SC Hearrenfean is op it stuit op proef by VVV Venlo. De ferdigener (22) komt net foar yn de plannen fan Hearrenfean-trainer Trond Sollied en wol fuort. VVV Venlo makket it kommende seizoen syn rentree yn de earedivyzje.
De ploech waard ferline seizoen kampioen yn de Jupiler League. Drost spile ferline seizoen op hierbasis by De Graafschap út Doetinchem. Mei dy klup degradearre Drost ferline jier út de heechste klasse fan Nederlân.