Botsing frachtweinen op A32

09 jul 2009 - 15:04

Ferkear op de A32 by It Hearrenfean hat woansdeitejûn in skoft oerlêst han fanwege in botsing tusken twa frachtweinen. It ûngemak barde by de ofslach Hearrenfean-Súd.

Ien fan de sjauffeurs is mei in ferwûne nekke ôffierd. De oare sjauffeur kaam mei de skrik frij. It ferkear moast in skoftlang stadichoan ride. Oan it begjin fan de jûn wie de ravaazje wer opromme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)