Undersyk bedriuweterreinen

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel docht ûndersyk nei it ferlet fan nije bedriuweterreinen yn Dokkum. Neffens de gemeente is it foar de takomstige ekonomyske ûntwikkeling fan Dokkum fan grut belang dat der genôch romte is foar nije bedriuwen.
Mar hast alle romte is no op. Dongeradiel wol dêrom sjen nei útwreidingsmooglikheden, mar besjocht earst oft der wol ferlet is. Yn it ûndersyk wurdt earst sjoen oft op besteande terreinen noch romte is.