Karmerk lab Tsjongerskâns

09 jul 2009 - 14:51

It laboratoarium fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean hat opnij in karmerk krigen. Dat betsjut dat it lab en de trombosetsjinst fan it sikehûs hege kwaliteit leverje en de feiligens fan pasjinten foarop stelle.

Unôfhinklike saakkundigen ha ûndersyk dien nei it funksjonearjen fan it lab. Sy ha it karmerk jûn. De Tsjongerskâns hie it kwaliteitsbewiis al twa kear earder krigen. It wurdt hieltyd foar fjouwer jier útrikt

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)