Mooglik fúzje AB Fryslân

09 jul 2009 - 13:53

De fúzje tusken útstjoerorganisaasje AB Fryslân en AB Noard-Hollân sil mear banen opsmite yn Fryslân, seit de direksje. Fryslân ferliest lykwols it haadkantoar. Dat komt yn Middenmeer (Noard-Hollân).

It kantoar yn Snits ferliest de funksje fan haadkantoar, mar bliuwt wol iepen. AB stiet foar 'agraryske bedriuwsorganisaasje', de eardere boerehelp. De nije organisaasje hat in omset fan mear as 100 miljoen euro en der wurkje 600 útstjoerkrêften.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)