Wetter bedriget keunstwurken

09 jul 2009 - 12:54
  • Keunstner Dirk Hakze by in earder keunstprojekt

It keunstprojekt fan Dirk Hakze op It Amelân driget letterlik yn it wetter te fallen. Op it strân stean 61 panielen dy't troch Hakze beskildere wurde. Hy docht dit yn it ramt fan it projekt 'Colors of music'. Troch de hurde wyn en it hege wetter stean de panielen op dit stuit mei de poaten yn it wetter. Sa't it no liket is it heechste punt fan it wetter berikt, mar at de wyn yn de nacht oanhellet dan kin it wêze dat de panielen ûnder wetter komme te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)