Dokkumer rekket rydbewiis kwyt

09 jul 2009 - 10:00

In autobestjoerder (23) út Dokkum is woansdeitejûn yn Rinsumageast syn rydbewiis kwytrekke. De plysje seach dat de man ferskate ferkearsoertredings makke. Op de Lauwersseewei helle er mei flinke faasje yn oer de ferdriuwingsflakken.

By Rinsumageast ried er 162 kilometer yn 'e oere. Op dizze dyk mei net hurder as hûndert tiden wurde. De Dokkumer is oanholden en nei it plysjeburo brocht. Dêr is syn rydbewiis en syn auto yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)