Loads yn Eanjum útbaarnd

09 jul 2009 - 09:49

In loads fan houthannel en sloopwurken De Spijker yn Eanjum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei folslein útbaarnd. Om 02.45 oere hinne kaam by de brânwacht de melding binnen.

Doe't se dêr oankamen wie de loads en it guod dat der yn lei al net mear te rêden. Wol koe noch in grut oantal gasflessen op tiid by de brân fuothelle wurde. Hoe't it fjoer ûntstien is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)