Gjin fúzje Het Friese Land

Het Friese Land yn Ljouwert
Thússoarchorganisaasje Het Friese Land kin selsstannich bestean bliuwe. De ynstelling wie begjin dit jier sa goed as fallyt en in fúzje like de iennichste opsje om te oerlibjen. Nei in yngreven reorganisaasje wêrby't 28 minsken dien krigen, liket it no wer de goede kant út te gean.
Neffens ynterim-bestjoerder Klaas Kuilman hat Het Friese Land der bewust foar keazen gjin gearwurkingsferbân te sluten mei sikehuzen of fersoargingshuzen.