SC Hearrenfean wint mei 5-0

Tarik Elyounoussi (foto: Martin de Jong)
De Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn de oefenwedstriid tsjin it Turkse Sivasspor mei 5-0 wûn.
Op it fjild yn De Like kamen de Feansters yn de earste helte tsjin de nûmer twa fan de Turkse kompetysje op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Tarik Elyounoussi en in strafskop fan Viktor Elm. Nei it skoft makke Roy Beerens de 3-0 en Gerald Sibon makke de beide lêste goals.