Tsjerke Tytsjerk wurdt opknapt

Der wurdt dúdlik wurke oan de tsjerke fan Tysjerk.
Tweintich jier neidat der foar it earst oer praten waard stiet de tsjerke fan Tytsjerk no yn de steigers. De tsjerke út it begjin fan de 18de ieu is op guon plakken bot fertutearze, mar jild foar de oanpak wie der oant no ta net.
Al yn 1995 is der foar it earst in ynsammelaksje west yn it doarp, mar pas no is mei help fan subsydzje 250 tûzen euro op it kleed kaam. Earst sil de súdkant oanpakt wurde en yn 2014 komt dan de noardkant oan bar.