HISWA promoatet stielen skip

08 jul 2009 - 17:15
  • HISWA wol stielen skippen promoatsje yn Snits

De wettersportbrânzje HISWA organisearret yn septimber in evenemint foar de ynternasjonale parse yn Snits. Besikers kinne twa dagen lang rûnfarre mei stielen skippen fan Fryske en oare bedriuwen út Nederlân.

Jachtboubedriuwen ha lêst fan de resesje, mar neffens de HISWA ha krekt de bedriuwen dy't stielen krusers bouwe yn dit soarte fan tiden ien grut foardiel. Se kinne de boaten oanpasse oan de winsken fan de kliïnten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)