Ravaazje troch ûngelok op A32

08 jul 2009 - 17:09

Der is woansdei oan de ein fan de middei in grutte ravaazje ûntstien op de A32 by It Hearrenfean. Der binne twa frachtweinen op elkoar botst. Dat barde by de ôfslach Hearrenfean-Súd yn de rjochting Wolvegea.

Ien sjauffeur hat nekklachten en de oare kaam mei de skrik frij. De plysje hat ien rydbaan ôfset. It is noch ûndúdlik wat de oarsaak west hat. Der is in file ûntstien fan in pear kilometers want neist de spits binne ek al minsken op fakânsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)