Rêdingsboat helpt Lemsteraak

© Omrop Fryslân
Ien fan de rêdingsboaten fan Skiermûntseach hat tiisdeitejûn in Lemsteraak holpen by it binnenfarren fan de haven fan Noordpolderzijl yn Grinslân.
It skip moast fanwegen problemen mei de motor op de seilen farre, mar de skipper doarde fanwegen de tsjusterens sa net de haven yn te farren. Dêrop waard de help fan de rêdingsboat ynroppen. Oan board fan de Lemster aak wiene twa folwoeksenen, fjouwer bern en twa einen en in knyn.