Reklamebedriuw fallyt

De rjochtbank hat it reklamebedriuw Allichtreclame út Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje seis minsken. De eigner hat it fallisemint oanfrege. Neffens de kurator is de ekonomyske krisis ien fan de oarsaken.
It bedriuw hâldt him ûnder oare dwaande mei it pleatsen fan ljochtreklame en it meitsjen fan beletteringen. De kurator is op dit stuit oan it besjen oft der ek mooglikheden binne foar in trochstart.