Ien omrop foar SW-hoeke

De ôfsûnderlike studio's bliuwe bestean
As de lokale omroppen yn de Súdwesthoeke nei in weryndieling fusearje ta ien, bliuwe de ôfsûnderlike studio's bestean. Dat stiet yn de yntinsjeferklearring dy't de trije omroppen ûndertekene ha. Yn dy ferklearring stiet dat der begjin 2011 ien lokale omrop wêze moat, mar dat dêrby de studio's yn Boalsert, Koudum en Snits iepen bliuwe.
De fúzje is nedich om't yn in gemeente mar ien lokale omrop in fergunning krije kin.