Minister: prate oer fergunning

Minister wol mei deputearre prate oer de ôffalferbaarningsoven
Minister Cramer fan Miljeu wol mei deputearre Adema prate oer de fergunning fan de ôffaloven yn Harns. Dat seit de stichting Afvaloven Nee, dy't by de minister op besite west hat.
Neffens de stichting hat de minister doe oanjûn dat se har soargen makket oer it gebrek oan fertrouwen by de omwenners yn de gemeentlike en provinsjale oerheid. Neffens de minister hiene de oerheden mear dwaan moatten om dat fertrouwen te krijen.