'Te min plysje by eveneminten'

08 jul 2009 - 07:08

It CDA op It Amelân makket him soargen oer de feiligens by eveneminten yn it foar- en neiseizoen. Neffens de partij binne der te min plysjes op it eilân om de eveneminten te begelieden.

Neffens boargemaster De Hoop fiele besikers fan eveneminten har no noch feilich, mar moat der wol in grins steld wurde oan de groei. Ekstra plysjes ynhiere is gjin opsje, om't de besetting yn it heechseizoen dan lytser wurdt. It Amelân hat bûten it heechseizoen sân plysjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)