Rjochtsaak tsjin Iselmarbeton

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV Bondgenoten begjint in rjochtsaak tsjin it bedriuw Iselmarbeton op 'e Lemmer. It bedriuw betellet de oeroeren net út oer it feitlike lean, mar oer it basislean út de CAO foar betonproduktenyndustry, aldus it fakbûn.
De FNV is al in heal jier yn diskusje mei Iselmarbeton oer it neilibjen fan de CAO. It bedriuw kaam de wurknimmers foar in part temjitte troch tenei wol de reiskostefergoeding en de einjiersútkearing út te beteljen.