Weening befrege oer dopingsaak

07 jul 2009 - 21:32
  • Pieter Weening hat neat te krijen mei de dopingaffêre (argyffoto Martin de Jong)

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema hat in ferklearring ôfjûn by de Eastenrykse Bundes Kriminal Ambt oer de dopingsaak rûnom de bloedbank Humanplasma yn Wenen. Dat hat Weening tiisdei befestige nei syn oerwinning yn de tredde etappe fan de Ronde fan Eastenryk.

De Fries hat oanjûn dat er neat te krijen hat mei de dopingaffêre dy't om yllegale bloeddoping draait. Ek Weenings ploechmaten Joost Posthuma en Denis Menchov binne yn Wenen befrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)