Bou Poortje Hearrenfean ûnwis

07 jul 2009 - 19:50

De komst fan Het Poortje nei It Hearrenfean is ûnwis wurden. Der is minder ferlet fan plakken yn jeugdfinzenissen. Pas oer twa jier wurdt in beslút oer de nijbou fan it ministearje ferwachte.

Sûnt probleemjeugd ek yn sletten ynstellingen foar jeugdsoarch behannele wurdt, binne der folle minder sellen yn jeugdfinzenissen nedich. Der steane sels sellen leech, wylst der wachtlisten binne foar plakken yn sletten ynstellingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)