Wynmoles gefaar foar fûgels

07 jul 2009 - 17:23
  • Risikogebieten foar fûgels yn kaart brocht

Yn it Waadgebiet en by de kust en de Fryske marren lâns moatte foaral gjin wynmoles komme. Dat seit Vogelbescherming Nederland. Dy kaam tiisdei mei de Nationale Windmolenrisicokaart. Dêrop stean de plakken mei in soad fûgels. Op dy plakken rinne fûgels grutte risiko's as dêr wynmoles komme.

De fûgels kinne der tsjinoan fleane en omkomme, mar se wurde ek wurch om't se om of oer de moles hinne fleane moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)