Burgernet mooglik lanlik

07 jul 2009 - 15:29

Burgernet, it systeem wêrby't de plysje boargers ynset om kriminelen op te spoaren, wurdt mooglik lanlik ynfierd. Neffens it Ministearje fan Binnenlânske Saken is de proef, dy't yn njoggen gemeenten hâlden wurdt, in súkses. Twa fan dy njoggen gemeenten binne Ljouwert en Dantumadiel.

De Fryske plysje skeakele de boargers 65 kear yn. Dat smiet de oanhâlding fan fyftjin fertochten op en de opspoaring van seis fermisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)