'Deputearre Piet Adema liicht'

07 jul 2009 - 12:13

Deputearre Piet Adema liicht as er seit dat it kolleezje fan Deputearre Steaten net wist fan de krityk fan saakkundige Johan Vollenbroek oer de nije ôffaloven yn Harns. Vollenbroek seit dat er dat ek bewize kin.

De krityk stie yn oktober 2008 al yn in brief oan it kolleezje, dêr is in ûntfangstbefestiging fan en der is sels reaksje op kaam. Dat skriuwt Vollenbroek yn in nije brief oan it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)